Wa yn Fryslân set him mei hert en siel yn foar de natuer? En soe dêrfoar beleanne wurde moatte? Dat kin mei de Johan de Jong-beam: in jierlikse priis foar it bêste partikuliere natuerinisjatyf yn Fryslân, organisearre troch Omrop Fryslân.

De winner mei sels in beam útsykje én bepale wêr't dy beam komt te stean.

Folje foar 1 maaie it formulier ûnderoan dizze side yn.

Oan hokker ynisjativen kinst tinke? Bygelyks:

  • In skoalle, dy't yn aksje komt foar in bedrige bist;
  • It helpen fan fûgels en flearmûzen yn it briedseizoen, troch hokjes op te hingjen en te soargjen dat se mei rêst litten wurde;
  • It trou monitoren fan in stikje natoergebiet mei seldsume planten of bisten;
  • Frijwillich minsken rûnliede en fertelle oer de natuer;
  • Ensafuorthinne, ensafuorthinne... fan alles dus!