De Stichting Omrop Fryslân hat in Regionale Mediaried dy't neffens de Mediawet as taak hat om it programmabelied fan de Omrop fêst te stellen, binnen de fêststelde organisatoaryske en finansjele kaders. De Regionale Mediaried fan Omrop Fryslân is troch it provinsjaal bestjoer represintatyf ferklearre foar de wichtichste yn Fryslân foarkommende maatskiplike, kulturele, godstsjinstige en geastlike streamingen.


De leden fan de Regionale Mediaried fan Omrop Fryslân binne:

  • Wurknimmers: frou D. Vollema-Gort
  • Wurkjouwers: frou T. Lageveen
  • Tsjerkegenoatskippen en genoatskippen op tsjerklike grûnslach: frou S. van der Meer (fice-foarsitter)
  • Feriening Freonen fan Omrop Fryslân: G. Kingma
  • Agraryske Sektor: J.T. Kooistra
  • Natuer en miljeu: J. Houtsma
  • Underwiis, edukaasje en wolwêzen: frou A. Bruinsma
  • Fryske Taal en Kultuer: frou N. Beetstra
  • Sport en rekreaasje: A.J. de Vries
  • Deskundige Media mêd: frou M. de Schiffart
  • Foarsitter/Deskundige organisatoarysk-bestjoerlik mêd: D.A. Fokkema