Missy
Omrop Fryslân makket ferhalen dy’t ynformearje, ynspirearje en amusearje. Hjirmei ferbynt en ferriket de Omrop elkenien dy’t him mei Fryslân ferbûn fielt.

Fisy
Omrop Fryslân wol yn alle media-uteringen elkenien, dy’t him mei Fryslân ferbûn fielt, stimulearje om (aktyf) diel te nimmen oan it Fryske mei-inoar libjen. Dat docht Omrop Fryslân troch fia ferskillende platfoarms alle groepen yn de Fryske maatskippij te ynformearjen, te aktivearjen en te ferbinen. Dêrtroch kin elkenien op syn eigen wize ynstappe, begripe, meidwaan en bydrage.