Skiednis

  • 1946: De Regionale Omroep Noord (RON) fersoarget Nederlânske útstjoeringen foar Fryslân, Grinslân en Drinte. Jierren ’50: De Ron wurdt de RONO en makket diel út fan de NOS. Fan de Prinsetún yn Ljouwert wei wurdt in Frysktalich radioprogramma útstjoerd.
  • 1978: De RONO wurdt opsplitst yn 3 regionale omroppen: Noord, Oost en Fryslân.
  • 1979: Sniewinter. Radio Fryslân is hiele dagen yn de loft mei it lêste nijs oer de snie. Dit leveret úteinlik mear stjoertiid op.
  • 1988: Radio Fryslân set útein as folslein selsstannige omrop. De namme feroaret yn Omrop Fryslân, want neist radio wurdt ek telefyzje makke.
  • 1994: Omrop Fryslân set útein mei regionale telefyzje. Fia de eter en de kabel wurdt alle dagen fan 17:50 oere ôf oardel oere lang Fryske telefyzje útstjoerd, dy’t yn karrûselfoarm werhelle wurdt.
  • 1999: Alle ôfdielingen fan Omrop Fryslân komme ûnder ien dak te wurkjen oan de Suderkrúswei, op bedriuweterrein De Hemrik yn Ljouwert.
  • 2000: Omrop Fryslân kriget in eigen webside
  • 2002: De Omrop kriget in bestjoersstruktuer mei in ried fan kommissarissen, in programmabelied bepalend orgaan (PBO) en in statutêr direkteur as einige en algemiene bestjoerder. De ûnôfhinklikheid fan de (haad)redaksje wurdt yn in redaksjestatút garandearre.
  • Hjoed-de-dei: Yntusken is Omrop Fryslân noch fierder ûntwikkele as multymediabedriuw. Omrop Fryslân docht folop mei oan alle fernijjingen op it mêd fan nije media en digitalisearring. Sa is Omrop Fryslân warber op social media en hat Omrop Fryslân ek eigen app foar smartphones en tablets.