Woodbrookers is in jeugdsoarchynstelling yn Koartehimmen dêr’t jongeren wenje tusken de 12 en 18 jier mei psychyske- of gedrachsproblemen.

Begjin 2022 kaam Woodbrookers foar it earst yn it nijs doe't in bernedokter fan sikehûs Nij Smellinghe melding makke oer misstannen yn de jeugdsoarch. It libben fan in 14-jierrich famke dat by him ûnder behanneling wie, waard dêrtroch neffens him sels yn gefaar brocht. It famke siet ûnder oare in skoft yn Woodbrookers.

Hjirnei kamen mear berjochten nei bûten oer misstannen by de soarchynstelling. It behannelsintrum hat yntusken oankundige yn july 2024 de doarren te sluten.