NOS Nieuws van de week

NOS Nieuws van de week

Omrop Fryslân stjoert it NOS Nieuws van de Week út op telefyzje. Dit is in wykliks sjoernaal fan tsien minuten, spesjaal foar minsken dy 't muoite hawwe mei de Nederlânske taal.
HEA!

HEA!

HEA! is in programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl.
It Waar

It Waar

It aktuele waar en de ferwachtingen foar de kommende dagen. Alle dagen nei Fryslân Hjoed.
Fryslân Hjoed

Fryslân Hjoed

Fryslân Hjoed mei it nijs fan de dei en de ferhalen efter dat nijs, mei langere reportaazjes, live ferbinings, studiopetearen en spesjalisten oan it wurd.
Sportcast op tv

Sportcast op tv

Yn de Sportcast op tv praat de fêste sportploech fan Omrop Fryslân dy by oer de ferskate sporten, altyd mei in Frysk rantsje. No ek te sjen op telefyzje.
Us bistetún

Us bistetún

Yn Us Bistetún folget Omrop Fryslân de minsken en bisten fan AquaZoo yn Ljouwert.
HT Roeirace

HT Roeirace

Live te folgjen de 48ste Harlingen - Terschelling roeirace.
FryslânDOK

FryslânDOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
Tsjerketsjinst

Tsjerketsjinst

De tsjerketsjinsten komme dizze moanne út de Salvius tsjerke (d 'Alde Wite) yn Dronryp wei.
Noardewyn live

Noardewyn live

Alle sneontejûns op telefyzje it muzikale doarpsplein fan Fryslân. Livemuzyk yn de Noardewynstudio. Noardewyn Live: net te missen, net te hâlden!
Cambuur Sjoernaal

Cambuur Sjoernaal

Yn dit sjoernaal sjogge we werom op de wedstriid fan SC Cambuur mei in lange gearfetting, reaksjes fan de trainer en de spilers, it lêste nijs en foarútsjen op de folgjende wedstriid.
It Polytburo

It Polytburo

Polityk programma wêryn't alle freeds in (Fryske) politikus, dy't om hokfoar reden dan ek yn it nijs is, skerp befrege wurdt oer in aktueel ûnderwerp.
It Grut Frysk Diktee

It Grut Frysk Diktee

It Grut Frysk diktee is op woansdei 24 april te sjen by Omrop Fryslân. De dikteetekst is dit jier skreaun troch Gerrit Hiemstra.
Fan binnenút

Fan binnenút

Yn dizze Fan binnenút folget Miranda Werkman in groep statushâlders op syk nei wurk. Se wurde in simmer lang coacht en begelaat yn in spesjaal programma: Newcommers Summerschool.
Markus Passy

Markus Passy

De Fryske ferzje fan de Markus Passy, komponearre troch Jacob de Haan. Dizze Markus Passy is spesjaal komponearre foar harmonyorkesten en wurdt útfierd mei in ferteller en twa sjongers. De passy is gewoanwei yn it Dútsk, mar foar ús útfiering is de tekst oerset yn it Frysk.
NNO konsert

NNO konsert

Yn gearwurking mei it Noord Nederlands Orkest stjoert Omrop Fryslân regelmjittich konserten út.
Tjits Floch

Tjits Floch

Famylje floch fan Tjits, Jelke en harren bern. Alle dagen belibje se wol wat en litte dit sjen yn in kompilaasje.
Scoute mei Berend

Scoute mei Berend

Yn Scoute mei Berend sille Arjen de Boer en Berend op syk nei de toppers fan de takomst en sykje se nei nij Frysk sporttalint..
Hynstekeuring

Hynstekeuring

De jierlikse hynstekeuring fan de KFPS live te folgjen by Omrop Fryslân. Te folgjen fia meartalige livestreams op ús webside en de Omrop-app en de lêste dei live te folgjen op telefyzje.
Jubileumshow Hynstekeuring

Jubileumshow Hynstekeuring

Yn it ramt fan it 145-jierrich jubileum fan it Frysk Hynstestamboek is der in spesjale jubileumshow. De skiednis fan it Fryske hynder wurdt ferteld troch Fryske hynders en ruters út de hiele wrâld.
Foarútsjen mei Reitse

Foarútsjen mei Reitse

Om it nije jier goed te begjinnen sjogge wy mei spesjale gasten, yn de earste wike fan jannewaris, foarút mei Reitse. Tegearre mei syn gasten makket Reitse eltse dei in gerjocht.
Hea! Jieroersjoch

Hea! Jieroersjoch

HEA! pakt ekstra lang út op Aldjiersdei mei in feestlik jieroersjoch! In oere lang moaie, oandwaanlike, bysûndere en hilaryske reportaazjes, oaninoar praat troch bekende Hea!-gesichten.
Jieroersjoch

Jieroersjoch

Yn it Fryslân Hjoed Jieroersjoch nimme wy de sjogger noch ien kear mei nei de wichtichste nijsûnderwerpen fan it ôfrûne jier.
Sportkafee Bakker en De Vries

Sportkafee Bakker en De Vries

Yn Sportkafee Bakker en De Vries sjogge presintatoaren Andries Bakker en Roelof de Vries werom op in tal sportive hichtenputen fan it ôfrûne jier.
Bartele Bûse

Bartele Bûse

Wannear't in magyske kaam yn 'e hannen falt fan de behelpsume kapperssoan Bartele, groeit it hier fan alle klanten op magyske wie fan de iene op de oare dei.
De Wiko's

De Wiko's

Tsien jier ferlyn naam de frontman fan it bekende stimmingsorkest De Wiko’s, Kobus Algra, ôfskied fan syn publyk. Algra wie slim siik en koe net fierder as muzikant. Ûnder de titel “Ofskiedskonsert De Wiko’s tsien jier letter”, bringe muzikanten in earbetoan oan Kobus Algra.
Adri de Boer

Adri de Boer

Al mear dan in heale iuw makket Adri diel út fan it noardlike muzyklânskip en is yn nieren en sinen in Frysktalige sjonger. Hy brocht dit jier 'Letter' út, in album wêryn't er nûmers fan Stef Bos yn in Frysk jaske stutsen hat. Tegearre sjonge se dizze nûmers.
Skuld

Skuld

Gosse wennet al 20 jier allinne, allinne syn hûn hâldt him selskip. Hy is nei Noarwegen gien om't hy de realiteit net oankoe. Op in griemerige simmerdei stiet jongeman Sake ynienen foar syn noas, die twingt him dyselde realiteit wol ûnder eagen te sjen.
Bingo!

Bingo!

Bingo! is it ferhaal fan Tine en har mem, dy't elkoar al tsien jier net sjoen hawwe. In monolooch oer grutskens en skamte.
Lucia Krystkonsert

Lucia Krystkonsert

It Lucia Krystkonsert is in Sweedse tradysje, no live út de Roomske tsjerke fan Snits.
Krystnachttsjinst

Krystnachttsjinst

Omrop Fryslân stjoert krystnacht live op telefyzje en ynternet in ekstra tsjerketsjinst út, in spesjale krystnachttsjinst. Rjochtstreeks fanút de Martinitsjerke yn Snits.
Byt!

Byt!

Tamme Smit giet op ’en paad en fiskjen mei bekende Friezen. It perfekte momint foar in goed petear.
De Witte Swaen

De Witte Swaen

De Witte Swaen, bekend as it ekspedysjeskip fan Willem Barentsz. Hjoeddeis leit in replika fan dit skip yn Harns te pronkjen, mei as doel om yn de takomst deselde rûte ôf te litten nei Nova Zembla, lyk as doe. Yn de searje ‘de Witte Swaen’ sjogge we nei dit unike bou proses.
De stand van Noord-Nederland

De stand van Noord-Nederland

Yn de Stand van Noord-Nederland komme ekonomyske ûnderwerpen foarby dy't eltse Fries, Grinslanner en Drint reitsje, de regionale ekonomy wurdt oan de oandacht brocht. Yn gearwurking mei RTV Noord, RTV Drenthe, Omrop Fryslân en SER Noord-Nederland.
Fryske top 100 op TV

Fryske top 100 op TV

Yn 'e startwike fan de Fryske top 100 binne de hiele wike húskeamerkonserten te sjen. Op âldjiersdei wurdt de folsleine Fryske top 100 útstjoerd. Stimme kin fia: frysketop100.nl.
Regio Songfestival

Regio Songfestival

Omrop Fryslân en tolve oare regionale omroppen organisearje mei-inoar it Regio Songfestival.
DOKtober

DOKtober

Yn de moanne oktober binne bysûndere films út hiel Europa mei in regionale ynstek te sjen, mei omtinken foar wurk fan nije, talintfolle makkers.
De Oertocht

De Oertocht

Yn de Oertocht folgje we de syktocht nei in duorsume takomst fan it ferfier en libben op Skiermûntseach en it Amelân.
Ons Dagelijks Water

Ons Dagelijks Water

Yn de dokumintêre Ons Dagelijks Water wurdt troch saakkundigen útlein wêrom de kwaliteit fan ús drinkwetter sa wichtich is. Oan it wurd komme ûnder oare saakkundigen fan it wettertechnologysk ynstitút Wetsus út Ljouwert en fan de Unie fan Wetterskippen.
NK fierljeppen

NK fierljeppen

De hichtepunten fan it NK Fierljeppen 2023 yn Drylts.
Skûtsjesilen

Skûtsjesilen

Presintator Andor Faber giet yn it IFKS Sjoernaal opsyk nei de ferhalen áchter de float.
Frouljus PC

Frouljus PC

Rjochtstreeks ferslach fan de Frouljus PC
FK fierljeppen

FK fierljeppen

Streekrjocht ferslach fan it Frysk kampioenskip fierljeppen yn Winsum.
De Freule

De Freule

Woansdei 9 augustus fan 14.00 oere ôf is De Freule keatspartij live te folgjen op telefyzje, radio en online.
Skûtsjesilen: de wedstriid

Skûtsjesilen: de wedstriid

Alle dagen de live wedstriid fanôf it wedstriidwetter
PC Frjentsjer

PC Frjentsjer

It is wer safier, de PC op it Sjûkelân yn Frjentsjer. Fan de earste slach ôf is de PC te folgjen op radio en online. Fan 14.00 oere ôf is de PC live te sjen op telefyzje.
De maitiidsswalker

De maitiidsswalker

Yn dizze searje giet Remco de Vries op ûndersyk út nei de maitiidsmerakels fan Fryslân
Skipsbou foar begjinners

Skipsbou foar begjinners

Skipsbou foar begjinners
Al it goede komt yn trijen

Al it goede komt yn trijen

Al it goede komt yn trijen
Fytsalvestêdetocht

Fytsalvestêdetocht

In kompilaasje fan de moaiste reportaazjes fan de ôfrûne jierren.
Deadebetinking

Deadebetinking

De betinking yn de Prinsetún yn Ljouwert is live te folgjen by Omrop Fryslân.
Leen in Fries

Leen in Fries

Njoggentjin wiken lang miny-dokumintêres oer Fryske ynwenners yn Leen een Fries. De dokumintêres binne makke troch fiif jonge filmmakkers út Fryslân. Dit soarget foar allegear hiele ferskate portretten.
Frjemdling yn Jeruzalem

Frjemdling yn Jeruzalem

De Fryske passy 'In frjemdling yn Jeruzalem, de passy fan in sjenner' is nochris te sjen by Omrop Fryslân
Kletterdei Konsert

Kletterdei Konsert

Op sneon 18 maart fersoargje ynternasjonaal konsertoargelist Eeuwe Zijlstra en NASKA Braas United in kletterjend muzikaal programma yn de Martinitsjerke yn Boalsert. It is in muzikale oade oan fiif jier 11 Fountains yn Fryslân.
Fryslân Kiest

Fryslân Kiest

Fan 21.00 oere ôf op tv: Omrop Fryslân folget it tellen fan de stimmen, hearst de earste tuskenútslaggen en de foarriedige einútslaggen, mei reaksjes en analyzes.
Friesian Proms

Friesian Proms

De Friesian Proms binne fan 20.30 oere ôf live te folgjen fia livestreams op de Omrop Fryslân webside en app. Mei optredens fan ûnder oaren Waylon, Hans Klok en Samantha Steenwijk. Snein15 jannewaris fan 19.30 oant 22.30 oere in kompilaasje fan de Friesian Proms.
De Fryske Nije

De Fryske Nije

Yn de Fryske Nije wurde jonge artysten út ús provinsje, dy't gewoanwei yn it Nederlânsk of Ingelsk sjonge, útdage om Frysktalige nûmers út te bringen.
Fljimsk

Fljimsk

' Wêr sil dit hinne..... ' Teaterprogramma mei Gryt Wiersma, Piter Wilkens en Minze Dijkstra.
Plant

Plant

Nynke Laverman
Wat Soesto!

Wat Soesto!

Wat Soesto! ” giet oer it boerelibben fan no en alles wat dêrmei anneks is.
Baas Giele Taksy

Baas Giele Taksy

Tribute oan Joni Mitchell
Hjerstswalker

Hjerstswalker

De suksesfolle natuersearje 'de maitiidsswalker' krijt dizze hjerst en winter in ferfolch. Natuersjoernalist Remo de Vries giet op 'en paad as 'de hjerstswalker' op syk nei de moaiste plakjes yn de Fryske natuer. Moandei 31 oktober is de earste ôflevering te sjen.
Fryslân Hjoed Ekstra

Fryslân Hjoed Ekstra

Fryslân Hjoed Ekstra is in spesjale edysje fan it nijsprogramma Fryslân Hjoed.
IFKS Sjoernaal

IFKS Sjoernaal

Alle dagen it IFKS Sjoernaal
Ferhalen fan de Ofslútdyk

Ferhalen fan de Ofslútdyk

Yn Ferhalen fan de Ofslútdyk wurdt it ferhaal fan dit ikoanyske bouwurk ferteld troch de eagen fan de minsken dy't alle dagen mei de dyk te krijen hawwe.
Expeditie Nederland

Expeditie Nederland

Expeditie Nederland is in programma fan de regionale omroppen by Omroep MAX. Regionale ferslachjouwers dûke yn ferskate tema's.
Nijsgjirrich

Nijsgjirrich

Yn totaal seis portretten sjogge we hoe't de haadpersoanen presintatoaren Eva en Michaël alles leare oer harren talint.
Hollands Requiem

Hollands Requiem

Op telefyzje de útfiering fan it Hollands Requiem troch it Nationaal Symfonisch Kamerorkest en it Noord-Nederlands Kamerkoor.
Melle-Jan Lijf!

Melle-Jan Lijf!

Yn de dokumintêre 'Melle-Jan Lijf!' fertelt de striidlustige bluesmuzikant Melle-Jan Kleisma oer syn libben foar, en mei Parkinson.
WeromropTV

WeromropTV

In weromblik yn it Omrop Fryslân argyf. Mei kompilaasjes fan programma's dy't útstjoerd binne yn de jierren 2000.
Weromsjen mei Reitse

Weromsjen mei Reitse

Reitse sjocht werom op it jier mei Friezen dy't dit jier yn it nijs west hawwe.
Thúsakademy

Thúsakademy

De Academie van Franeker en Omrop Fryslân bringe kolleezjes fan trije topwittenskippers yn de Thúsakademy.
Hoe hat it libben harren kleure?

Hoe hat it libben harren kleure?

Tomke 25 jier! De aventoeren fan Tomke, Romke, buorfamke Yana Yu en Kornelia de Kangoeroe. Wa ken se net?
Bûtenpleats

Bûtenpleats

It ferhaal fan de staten yn Fryslân
Fryslân Fit

Fryslân Fit

Fryslân Fit alle dagen kinne jo meidwaan om fit te bliuwen
Keninklike besite

Keninklike besite

In kompilaasje fan alle keninklike besites yn Fryslân.
Maarten van der Weijden

Maarten van der Weijden

In kompilaasje fan de 11-stêdenswimtocht dy 't Maarten van der Weijde swom yn 2019.
Myn Skip

Myn Skip

Hûndert jier skûtsjehistoarje yn muzyk, yn byld, dûns, teäter en ferhaal wurdt fertaald nei in muzikaal teäterstik.
Fan ús

Fan ús

In searje fan fiif ôfleveringen dêr't we sjogge hoe't it efter de skermen wurket by it Fries Museum.
Europa foar begjinners

Europa foar begjinners

Wat is Europa eins en wat hawwe de ynwenners deroan? Yn de wike foar de Europeeske ferkiezingen jout Omrop Fryslân antwurd op dy fraach yn it programma 'Europa foar begjinners'.
It wetterskip

It wetterskip

We binne yn Fryslân al iuwen dwaande mei wetter. Wetter is ús freon, mar ek ús fijân. Yn in rige fan trettjin ôfleveringen sjocht Omrop Fryslân wat der yn Fryslân allegearre bart oan dat wetterbehear.
It bêste fan LF2018

It bêste fan LF2018

Fan alle reportaazjes oer de LF2018 projekten is it programma 'It bêste fan LF2018' makke. Hjoed in kompilaasje fan it hiele jier.
Frysk Sjongers Gala

Frysk Sjongers Gala

It Frysk Sjongers Gala mei Griet Wiersma, Piter Wilkens, Anneke Douma, Gurbe Douwstra, Basile Maneka, Denise Rivera. Andries de Vries, Di Gojim en noch folle mear.
Froulju fan Fryslân

Froulju fan Fryslân

Hast twahûndert froulju waarden nominearre, seis dêrfan krije in echt stânbyld. Wa binne de froulju efter dy bylden?
Reuzen fan Royal de Luxe

Reuzen fan Royal de Luxe

Sjoch nei de moaiste bylden fan de earste foarstelling fan de Reuzen, makke op freed 17 augustus.
Fol Fjoer

Fol Fjoer

Fol Fjoer is in telefyzjeprogramma fan Omrop Fryslân oer de fjouwer Fryske simmersporten: it keatsen, it skûtsjesilen, it fierljeppen en it konkoers hippyk.
Friezen om utens

Friezen om utens

Wannear langest it meast nei thús? Programmamakker Miranda Werkman ynterviewt Friezen oer de hiele wrâld. Wat dogge se dêr? Wannear fiele se har thús? Wat bepaalt 'thús'?
Romte

Romte

Yn Romte folgje we boargers dy't sels mei harren omjouwing oan de slach gean. Yn guon gefallen idealisten dy't de wrâld in bytsje moaier meitsje wolle.
Fiel de nacht

Fiel de nacht

Presintator Bart Kingma praat mei bysûndere Friezen oer har libben en driuwfearren op ien fan de tsjusterste plakken fan Flylân. Fan twadde krystdei ôf is it programma yn fiif ôfleveringen te sjen.
Teken fan libben

Teken fan libben

Raynaud Ritsma giet op syk nei de ferhalen efter bermmonuminten. Neibesteanden en helpferlieners fertelle oer hoe't sy harren ferlies ferwurkje en hoe't se sûnt it ûngelok yn it libben stean.
Fiel de dei

Fiel de dei

Waadeilannen binne ryk oan passanten en mei dy passanten, minsken en fûgels, as riede tried hat programmamakker en sjoernalist Remco de Vries in portret makke fan Flylân.
Stille skatten

Stille skatten

Ferstoppe tusken âld papier, stof en oar guod lizze stille skatten yn Fryske musea te wachtsjen om ûntdutsen te wurden. Sjoch mei ús mei op de souders en yn de kelders.
Moai Fryslân

Moai Fryslân

De moaiste provinsje fan Nederlân. Sa wurdt Fryslân neamd. It makket ús grutsk. Mar hoe geane wy yn de werklikheid mei ús lânskip om. En hokker ynfloed hawwe wy as boarger op de ynrjochting fan dat lânskip. Yn Moai Fryslân bringt Omrop Fryslân yn gearwurking mei Lânskipsbehear Fryslân en de Fryske Miljeufederaasje yn kaart hoe’t wy Fryslân yn al syn ferskaat ynrjochte hawwe.
Titus Brandsma

Titus Brandsma

Ekstra útstjoering yn it ramt fan de hillichferklearring fan Titus Brandsma.
Buorkje foar begjinners

Buorkje foar begjinners

Yn it programma 'Buorkje foar begjinners' giet Emiel Stoffers, bekend as sjonger fan de Hûnekop, tsien kear foar de earste kear buorkjen. Hy giet nei in grut ferskaat oan buorkerijen.
Bloeizone Fryslân Driedaagse

Bloeizone Fryslân Driedaagse

Rjochtstreeks by Omrop Fryslân, de Bloeizone Fryslân Driedaagse hurdfytswedstriid foar froulju.
TsjilTV

TsjilTV

Tsjiltsje programma foar bern tusken de 2 en 8 jier. Mei û.o. Tomke, Kening Hert & Harry Hazze, Bear Boeloe, André & Alfred en noch folle mear.
Juster

Juster

Hasto juster in programma mist, dan kinsto dy programma's wer werom sjen yn it programma Juster fan 09.00 oere oant 13.00 oere.
De Zilveren Bal

De Zilveren Bal

De Zilveren Bal is de wrâld rapste reedrydshow en fynt woansdeitejûn 8 maart foar de sânde kear plak yn de Alvestêdehal yn Ljouwert. Sprinten, rjocht ta rjocht oan, at is de essinsje fan dizze reedrydshow.
TsjilTV

TsjilTV

TsjilTV mei Tomke, Kening Hert & Harry Hazze, Bear Boeloe, WitWat en Wat tekenje ik.
De Duif

De Duif

Filmclub Kleare Kimen út Ljouwert hat de ôfrûne jierren twa koarte spannende spylfilms makke.
Sneon yn Fryslân

Sneon yn Fryslân

Sneon yn Fryslân mei Geert van Tuinen is fiif oeren radio mei moaie muzyk, reaksjes fan harkers en de aktuele sport. Reagearje kin ûnder de útstjoering fia de Omrop-app.
BetCity Elfstedenrace

BetCity Elfstedenrace

Nei in suksesfolle earste edysje, is Fryslân op en nij it ‘episintrum’ yn ‘e twadde edysje fan it hurdfytsevenemint BetCity Elfstedenrace.
Natueriismaraton

Natueriismaraton

Omrop Fryslân stjoert fannejûn de maraton live út op radio en telefyzje. De útstjoering begjint om likernôch 18.25 oere. De froulju begjinne om 19.00 oere en ride 80 rûntsjes, de manlju starte om 20.00 oere en dogge 125 rûntsjes.
Goeiemiddei

Goeiemiddei

Mei nijsgjirrige petearen, de bêste muzyk, de leukste spultsjes en do krijst alle romte om mei te praten.
Erfskip

Erfskip

Een documentaire gemaakt door Daan Visser, waarin de familie Van Klink centraal staat.
Visit Friesland Elfsteden Race

Visit Friesland Elfsteden Race

Snein 6 maart fynt de Visit Friesland Elfstedenrace plak. In ynternasjonale hurdfytswedstriid dy't by de alve stêden del giet.
Markus Passion

Markus Passion

De Fryske ferzje van Markus Passion, komponearre troch Jacob de Haan. Dizze Markus Passion is spesjaal komponearre foar harmonyorkesten en wurdt útfierd mei in ferteller en twa sjongers. Dy passy is gewoanwei yn it Dútsk, mar foar ús útfiering is de tekst oerset yn it Frysk.
Stjer

Stjer

Fryske Film
Dilemma

Dilemma

Filmclub Kleare Kimen út Ljouwert hat de ôfrûne jierren twa koarte spannende spylfilms makke.
Liet Ynternasjonaal

Liet Ynternasjonaal

Kompilaasje finale Liet Ynternasjonaal by Omrop Fryslân
Snein yn Fryslân

Snein yn Fryslân

De sneintemiddei stiet yn it ramt fan 'Dat wie doe'. Elts oere bepaalt de tiidmasjine in jier út de jierren '60, '70, '80, '90 en de earste 10 jier fan 2000.
Liet

Liet

De acht finalisten fan it Frysktalige sjongfestival Liet binne bekend. De artyst dy't wint, sil Fryslân fertsjintwurdigje op it Regio Songfestival en op Liet International.
Op & Ut op TV

Op & Ut op TV

Op & Ut, it kulturele radioprogramma fan Omrop Fryslân is sneontemoarn ek te folgjen op telefyzje. Rjochtstreeks út de radiostudio wei.
Sis it mar! op tv

Sis it mar! op tv

Sis it mar!
Slachtemaraton

Slachtemaraton

De hiele dei de Slachtemaraton live te folgjen by Omrop Fryslân.
Indoor Friesland

Indoor Friesland

De 42e edysje fan it hynstesportevenemint Indoor Friesland yn it WTC Expo.
FryslânDOK sjocht fierder

FryslânDOK sjocht fierder

FryslânDOK stjoerd dizze wike in oantal films út
Underweis

Underweis

Thús, op dyn wurk, of ûnderweis nei hûs prate Eric Ennema en Jan Dirk de Haan dy by oer it nijs fan de dei en de eftergrûnen by it nijs,
Faderpaard

Faderpaard

Yn it ramt fan it 145-jierrich jubileum fan it Frysk Hynstestamboek is der in spesjale jubileumshow. De skiednis fan it Fryske hynder wurdt fertelt troch Fryske hynders en ruters út de hiele wrâld.
Noardewyn Live op it befrijingsfestival

Noardewyn Live op it befrijingsfestival

Noardewyn Live op it Bevrijdingsfestival Fryslân.